Mear froulju baas op 'e pleats

02 jul 2001 - 00:00

Hieltyd mear froulju binne mei de boer baas op 'e pleats. Dat docht bliken út sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk. By hast 27.000 froulju is dat no it gefal, wylst it yn 1980 noch 5000 wiene. Dat kin in echtgenoate wêze, mar ek in partner of in dochter.

Foar de belesting is it geunstich dat boer en boerinne in maatskip foarmje. Op dy wize bout de boerinne ek pensioen op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)