'Mear Friezen oan it wurk'

26 jul 2014 - 12:40

Op De Jouwer moatte folle mear minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk oan it wurk. Dat fynt direkteur Rutger van Houttum fan Perfekt Pak. Yn alve gemeenten yn it westen fan Fryslân rint al it projekt Pastiel, dat bedoeld is om dizze minsken oan it wurk te helpen, mar Van Houttum wol ek besykje lokaal Friezen oan it wurk te helpen. Hy seit dat sa'n 300 Jousters thús sitte dy't dreech oan it wurk komme kinne. Der wurdt noch in ambassadeur socht dy't foar Pastiel Lokaal bedriuwen freegje wol. It projekt Pastiel Lokaal rint oant 30 juny 2015.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)