Mear Friezen mei gonorroe

11 apr 2007 - 10:02

Yn 2006 ha 30.000 Friezen har ûndersykje litten op in geslachtssykte en dat is 10 % mear as yn 2005. Sa'n tûzen fan harren makken gebrûk fan it anonime soa-sprekoere fan de GGD. It tal besmettings mei de krupsjes chlamydia, syfilis en hiv wie ek wat heger. Opfallend is it tal besmettings mei gonorroe (ek bekend as dripper), want dat wie wol 65 % mear as yn 2005.

Chlamydia is de geslachtssykte dy't it meast foarkomt yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)