Mear Friezen libje yn earmoede

17 okt 2014 - 12:08

Yn Fryslân nimt it tal minsken dat ûnder de earmoedegrins libbet hieltyd mear ta. Dat konkludearret de Stichting Urgente Noden, dy't help jout oan minsken yn finansjele need. Ferline jier joegen sy noch help yn alle Fryske gemeenten, no noch yn tachtich prosint. De stichting hie dêrom ferwachte dat der minder helpoanfragen komme soene, mar it binne der just mear.

De ferwachting is dat oan de ein fan it jier mear as 500 Friezen, benammen gesinnen, holpen wurde moatte troch de Stichting Urgente Noden.

Yn Nederlân libje 2,5 miljoen minsken ûnder de earmoedegrins. In soad fan har krije finansjele help op allerhanne mêd. It giet bygelyks om help oan minsken dy't har eigen hûs kwyt rekke binne en de earste moanne hier en bygelyks de flierbedekking net betelje kinne. De Stichting Urgente Noden hat in budzjet fan 350.000 euro foar dizze help.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)