Mear Friezen ha geslachtssykte

08 apr 2014 - 14:53

It al Friezen mei in seksueel oerdraachbere sykte is ferline jier tanommen. Dat docht bliken út sifers fan de GGD. Fral it tal gefallen fan chlamydia naam ta. Benammen jonge froulju rinne dizze sykte op. Ek it tal HIV-ynfeksjes is ferline jier tanommen, mar dêr giet it neffens de GGD om sokke lytse oantallen, dat net sprutsen wurde kin fan in trend.

It binne fral jongeren ûnder de 25 jier dy't op it sprekoere fan de GGD komme, om in soa-test te dwaan. Mei-inoar wiene der goed 55.000 minsken dy't sa'n test dwaan lieten.

Yn in fjirde part fan de gefallen wie der ek sprake fan in ynfeksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)