Mear fraach Buro Jeugdsoarch

04 mrt 2009 - 12:09

De fraach nei soarch fan Bureau Jeugdzorg sil yn Fryslân bot tanimme. Elk jier ha 500 bern ekstra profesjonele help nedich. Dat seit direkteur Jan-Dirk Sprokkereef fan 'Bureau Jeugdzorg Friesland' yn reaksje op in nij ûndersyk fan it Sociaal Cultureel Planburo.

Yn dat ûndersyk wurdt lanlik in grutte stiging foarsein fan it tal bern dat help nedich hat. Under oare omdat bern hieltyd mear problemen ha mei drugs, alkohol of seks.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)