Mear folk nei Lauwersmargebiet

26 mrt 2014 - 14:41
  • Lauwersmargebiet

Mear Friezen en Grinslanners moatte nei it Lauwersmargebiet ta. Se moatte net inkeld in fiskje helje by de haven mar ek waadrinne en nei seehûnen sjen. Marketing Grins stekt 68.000 euro yn in kampanje. Der komt in webside en in app en der wurde banners en flyers drukt. Neffens Hans Pol fan Marketing Grins binne Friezen en Grinslanners har net bewust dat it Lauwersmargebiet unyk is. De kampanje begjint 1 maaie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)