Mear foksen sketten yn Fryslân

19 feb 2004 - 00:00

Fryske jagers ha ferline jier tusken april en desimber 40% mear foksen sketten dan de jierren dêrfoar. Neffens de Koninklijke Nederlandse Jagersvereniging komt dat trochdat it ferbean is de bisten te sjitten yn Grinslân en Drinte.

It tal foksen nimt dêr ta, sadat se de provinsjegrins oerstekke. Yn totaal binne der mear as tûzen foksen sketten. De taname wie benammen yn de Drints- Fryske Wâlden en it Lauwersmargebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)