Mear foech foar opspoaring

06 nov 2006 - 11:23

Fiif gemeenten yn it Noardeast-Fryslân wolle dat de tafersjochhâlders yn harren gebiet opspoaringsfoech krije. Dy soene dan better optrede kinne tsjin lûdshinder, losrinnende hûnen, graffity, ferkeard delsetten fytsen.

Achtkarspelen, Tytsjerksteradiel, Dantumadiel, Kollumerlân en Dongeradiel hawwe by de minister fan justysje frege it foech. Dat soe dan jilde moatte foar alle alve tafersjochhâlders yn it gebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)