'Mear foech foar befeiligers'

02 feb 2011 - 12:12

Partikuliere befeiligers moatte tenei minsken yn de boeien slaan kinne en proses ferbaal opmeitsje. Dat wol Harm Brouwer, de heechste baas fan it Iepenbier Ministearje. Dêrmei soene de befeiligers in part fan de taken fan de plysje oernimme kinne.

Marc Schaaf fan it befeiligingsbedriuw is it mei Brouwer iens. Guon fan syn meiwurkers skriuwe al bonnen út as de plysje der net oan takomt. De plysje wachtet de reaksje fan de minister ôf en wol earst sels noch net reagearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)