'Mear foarljochting oer Saailân'

20 okt 2005 - 10:53

Tsjinstanners fan it Fries Museum moatte mear witte oer de plannen foar it Ljouwerter Saailân. Dy konklúzje lûkt museumdirekteur Cees van 't Veen nei in jûn organisearre troch tsjinstanners fan in nij Fries Museum.

Benammen merkkeaplju en winkellju witte net hoe't it komt, as it Saailân beboud wurdt mei it nije museum. Tasizzings fan de gemeente dat se der gjin skea fan hawwe, helje net in soad tsjinstanners oer de streek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)