Mear flechtlingen yn Burgum

24 jan 2014 - 15:05

It asylsikerssintrum yn Burgum krijt maksimaal 150 ekstra flechtlingen yn de opfang. Boppedat wurdt de opfanglokaasje herûntwikkele. It hjoeddeistich sintrum giet plat en moat plakmeitsje foar in nij, stiennen gebou. Dat kin diels komme op it plak fan de fuotbalfjilden. De klups krije dan kompensaasje, bygelyks yn de foarm fan keunstgersfjilden.

It COA giet der fanút dat it asylsikerssintrum noch seker 15 jier yn Burgum bliuwt. Yn it gebou soene ek gewoane wenten en soarchynstellings komme kinne. De nije opfang moat oer twa jier klear wêze.

Mei de ekstra bewenners derby wenje der dan mei-inoar 600 flechtlingen yn Burgum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)