Mear fjoerwurk ferkocht

30 des 2011 - 15:16

Der wurdt dit jier folle mear fjoerwurk ferkocht as ferline jier. De omset fan ymporteur Schuurmans yn Ljouwert leit 15 persint heger. By Schuurmans en seis grutte Fryske fjoerwurkferkeapers hâlde de provinsje freed in kontrôle.

Net allinne de opslach, mar ek de administraasje fan de bedriuwen krijt besite fan de ynspeksje. Nei de fjoerwurkramp yn Enschede wurdt neat mear oan it tafal oerlitten.

Sa kamen de kontroleurs by Fryslân's grutste fjoerwurkferkeaper De Vuurwerkgigant yn Frjentsjer mei fiif bunkers mei 50.000 knallers. Yn Ljouwert stiet ien fan de grutste fjoerwurkymporteurs fan Nederlân. By Schuurmans kin 2500 ton opslein wurde yn fyftich bunkers. Dy binne no hast allegear leech. Schuurmans hat foar de feiligens in blusynstallaasje fan hast 1,5 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)