Mear fjoertoerwachters bepleite

10 aug 2003 - 00:00

Der moatte mear fjoertoerwachters komme op de Waadeilannen. Dat is it advys fan de Raad voor de Wadden oan steatssiktaris Schultz van Haegen fan Ferkear en Wettersteat.

De fraach om útwreiding is opfallend, omdat de oerheid krekt besunigje wol op de fjoertoerwachters. Dy moatte eins ferfongen wurde troch in sintrale post oan de fêste wâl. De Raad voor de Wadden snapt wol dat soks goedkeaper is, mar fynt it ek folle gefaarliker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)