Mear fersutere húshâldings

16 jul 2004 - 17:11

Thússoarch De Friese Wouden sil de kommende jierren besykje mear fersmoarge húshâldings te helpen. De meiwurkers treffe hieltyd faker in gaos by de minsken thús oan. Faak giet it dan om âlderen, mar der sitte ek memmen mei in post-natale depresje by.

De Friese Wouden set hjirfoar by wize fan proef in spesjaal flitsteam yn. Sûnt it begjin fan de proef binne tweintich húshâldings holpen. De thússoarch wreidet it wurkgebiet no út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)