Mear ferset tsjin Sintrale As

12 jun 2009 - 21:06

Neist it Fryske Gea en de Fryske Miljeufederaasje dogge no ek grutte lanlike natoerorganisaasjes mei oan de juridyske striid tsjin de oanlis fan de Sintrale As. It giet ûnder oare om Natuurmonumenten dy't no ek tsjin de oanlis fan de nije autodyk tusken Dokkum en Nyegea is.

Tsien organisaasjes wolle meielkoar by de Ried fan Steat ôftwinge dat minister Cramer (VROM) de oanlis fan de dyk tsjinhâldt. Se binne benaud foar natoerskea as de dyk der komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)