Mear ferset tsjin sâltwinning

09 sep 2011 - 09:43

It ferset tsjin de sâltwinning yn Noardwest-Fryslân wurdt hieltyd grutter. Sneon sille yn 26 tsjerken yn de streek de tsjerkklokken in kertier lang liede as protest tsjin de sâltwinning. Ek lânbou-organisaasje LTO is poer op de oanlis fan nije sâltwinningputten yn it gebiet tsjin.

De LTO fynt dat de skea dy't de besteande boarlokaasjes feroarsaakje al grut genôch is. Ek is der noch ûndúdlikheid oer it fergoedzjen fan de skea dy't troch sâltwinning ûntstiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)