Mear fernielings yn Wolvegea

15 jul 2009 - 10:06

Yn Wolvegea is freedtenacht noch folle mear fernield as allinne grêfstiennen op it begraafplak. De plysje hat yntusken oanjeften binnenkrigen fan auto's dy't fernield binne en ruten dy't ynsmiten binne. Earne oars is in túnljocht fernield en op in boartersplak is in boarterstastel stikkenmakke.

De plysje ûndersiket oft der in ferbân is tusken dizze fernielerij en it skeinen fan in tal grêfstiennen oan de Steenwijkerweg yn Wolvegea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)