'Mear fernield mei fjoerwurk'

31 des 2007 - 10:24
  • yn Bûtenpost gie in caravan yn flammen op
  • papierbakken geane op slot

Der is de ôfrûne dagen in opfallend soad fernield. Dat seit plysjewurdfierder Herman Olijerhoek.

It is suver tradysje dat der yn de wike foarútrinnend op âldjiersnacht saken fernield wurde, mar dit jier springt der yn negative sin út. Brievebussen, ferkearsboerden en alles wat him der mar foar lient, wurde opblaast mei fjoerwurk. Ek binne der in soad bûtenbrandsjes en kontenersbrandsjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)