Mear ferljochting yn Sleat

15 jul 2013 - 19:46
  • Menno Knot oerlanget it ferljochtingsplan oan wethâlder Bonnema

Sleat moat better útljochte wurde. Stifting Freonen fan Sleat hat in plan makke om njoggen monuminten yn it stedsje yn de skynwerpers te setten. It giet ûnder oare om it kanon en de mûne. De ferljochting moat it toeristeseizoen ferlinge.

It plan kostet 200.000 euro. In tredde part dêrfan wurdt ynbrocht troch de stêd sels. De gemeente Gaasterlân-Sleat seit gjin jild te hawwen foar it projekt. Dochs sei wethâlder Bonnema ta te sjen oft der oare mooglikheden binne.

Sa wurdt der gearwurke mei de gemeente Súdwest-Fryslân om de stêden yn it marregebiet better te promoatsjen. It ferljochtingsprojekt soe dêrby passe, sa seit Bonnema.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)