'Mear ferkearsjild nei Noarden'

13 des 2005 - 09:00

It CDA yn de Twadde Keamer wol dat der ekstra jild komt om de trochstreaming op ferkearspleinen yn it Noarden te ferbetterjen. It CDA tinkt dêrby ûnder oare oan it knooppunt by De Jouwer. No giet it measte jild nei problemen yn de Rânestêd, mar ek it Noarden hat skea as it ferkear fêstrint, seit it CDA.

Moandei wurdt by de behanneling fan de begrutting fan it Ministearje fan Ferkear en Wettersteat omtinken frege foar it ferkear yn it Noarden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)