Mear feest yn Boalsert?

30 aug 2004 - 16:48

Yn Boalsert moat mear feesten wurde. Alteast, dat is de konklúzje fan in ûndersyk dat dien is troch studinten fan de NHL. Dy ha yn opdracht fan B en W sjoen nei de besteande eveneminten en nei mooglikheden foar mear feesten.

It kin allegear wol wat mear, en wat heftiger, sa konkludearren de studinten. De gemeente besjocht no de mooglikheden. Takom jier hat Boalsert yn alle gefallen al mear feest om't de stêd dan 550 jier stedsrjochten hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)