Mear earwraaksaken yn 2006

27 apr 2007 - 12:54

De plysje hat 17 earwraaksaken behannele yn 2006. Dat is in stik mear as yn foargeande jierren. Dat komt om't it opfanghûs foar earwraakslachtoffers in soad saken oandroegen hat.

Dit jier ferwachtet de plysje noch mear gefallen op it spoar te kommen om't se der sels aktiver mei oan de slach sille. By húslik geweld sil sjoen wurde oft der mooglik sprake is fan earwraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)