Mear earste ljipaaien

11 mrt 2009 - 20:50

Rûnom yn Fryslân binne tiisdei earste gemeentlike ljipaaien fûn. Sa wie it earste aai fan Ljouwert fuort in twake. It waard by de Boksumerdyk fûn troch Willem Breeuwsma. Yn 2003 wie hy ek de earste finer fan Ljouwert.

It earste ljipaai fan Ferwerteradiel wie foar Johny Kingma fan Burdaard. Hy fûn it aai yn de greide by Jislum. Martin Overal fan Easterein fûn it earste ljipaai fan Littenseradiel. Dat lei even bûten syn wenplak yn in stik boulân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)