Mear earmoed yn lytse doarpen

02 maaie 2013 - 07:29
  • It doarp Peins

Doarpen dy't bot op de romte lizze dogge it minder goed as doarpen tichtby in stêd. Ynwenners binne faak minder heech oplaat, de wurkleazens leit der heger en dêrtroch is der mear earmoede. Dat docht bliken út De Dorpenmonitor fan it Sociaal en Cultureel Planbureau, dat makke is yn opdracht fan it ministearje fan Ekonomyske Saken. Der stiet ek yn dat lytse doarpen dy't fier fuortlizze en ek nochris yn in krimpgebiet, har minder geunstich ûntwikkelje as fergelykbere doarpen yn gemeenten sûnder krimp. Dat spilet foaral yn it Noarden.

It rapport fan it Sociaal en Cultureel Planbureau is bedoeld om troch gemeenten, provinsjes en ryk brûkt te wurden by it meitsjen fan belied foar it plattelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)