Mear e-maile mei de húsarts

28 jan 2009 - 12:52

Hieltyd mear minsken hawwe oer de e-mail kontakt mei de húsdokter. Ut ûndersyk is dúdlik wurden dat it tal saneamde telekonsulten it lêste jier lanlik ferdûbele is oant 22.000. Yn Fryslân binne noch net folle húsartsen dy't e-maile mei pasjinten. Dokters dy't der wol mei wurkje sjogge dat der hieltyd mear gebrûk fan makke wurdt.

Sy konstatearje ek dat minsken guon fragen makliker oer de e-mail stelle as op it sprekoere. Mar net alle fragen binne geskikt foar e-mail.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)