Mear Dútse studinten oan CHN

15 jun 2007 - 14:38

Hieltyd mear Dútske studinten skriuwe har yn bij de CHN yn Ljouwert. Yn it nije stúdzjejier sil it tal Dútsers op goed 300 komme, op 'e nij in stiging.

Neffens Henny Atsma fan de CHN kieze de Dútsers foar Nederlânsk heger beropsûnderwiis om't dat hjir folle mear op 'e praktyk rjochte is. In groep studinten makket yn it heitelân reklame foar de skoalle, yn in saneamd Deutschland-team.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)