Mear duorsume mokselfiskerij

08 okt 2009 - 15:43

Foar natuerprojekten yn it Waad komt twa miljoen ekstra. Yn de Waadsee komme mear plakken dêr't fiskers op in duorsume wize moksels fange kinne. Dat hat minister Verburg fan Lânbou tongersdei bekend makke. It giet om njoggen ekstra fangstplakken.

Boppedat meie de mokselsfiskers dizze hjerst in moanne earder fiskje as oars. Uteinlik moat it tradisjonele mokselfangen yn 2020 hielendal ferdwûn wêze. De duorsume ynstallaasjes soene de natuer minder skea dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)