Mear dúdlikens oer walfisken

17 des 2004 - 17:08

It moat dien wêze mei it toulûken om oanspielde walfisken op de eilannen. Dat wol it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ), op Texel.

It bart neffens it NIOZ te faak, dat der spul is om deade fisken. Dêrtroch geane de bisten ferlern foar ûndersyk. It NIOZ hat no in protokol betocht. Dat hâldt yn dat elkenien in oanspielde fisk melde moat. Dan wurdt der besjoen wa't rjocht hat op de walfisk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)