Mear dúdlikens oer soarch

25 apr 2005 - 18:36

De konkurrinsje yn 'e soarch wurdt hieltiten grutter. Soarchynstellings fjochtsje om elke klant. It projekt Foar Elkoar wol minsken mear dúdlikens jaan oer de konkurrearjende ynstânsjes.

No't de soarchynstellings stride om de klanten, wurdt it foar de boargers sa stadichoan in tizeboel. Foar Elkoar wol dêrom yn alle gemeenten en sikehuzen in loket mei objektive ynformaasje. Yn Earnewâld koene bestjoerders moandei yn 'e kunde komme mei it projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)