Mear dúdlikens oer Sionsberg

13 aug 2013 - 14:59
  • De Sionsberg

Personiel fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum krijt tiisdeitemidei mear te hearren oer de takomstplannen. Der komt mear dúdlikens oer hokker ôfdielings iepen bliuwe, tichtgean of gearfoege wurde. De minsken waans funksje ferdwynt, binne al op de hichte brocht.

Earder dit jier waard bekend dat njoggentich banen ferdwine yn it sikehûs. De Sionsberg is fusearre mei Nij Smellinghe yn Drachten. By de reorganisaasje fan ferline jier krigen fjirtich minsken dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)