Mear drugskontrôles yn Harns

13 jul 2011 - 10:33

Op de Waddenpromenade yn Harns wurdt de kommende wiken wer yntinsyf kontrolearre op drugs. Op fersyk fan Skylge en Flylân en it Iepenbier Ministearje is de Waddenpromenade no oanwiisd as feiligheidsrisikogebiet.

Dat betsjut dat bagaazje en persoanen op stekproef kontrolearre wurde op ferdôvjende middels. Eardere aksjes ûnder toeristen hawwe sawol soft- as harddrugs oplevere. De kontrôles geane kommende sneon yn en wurde oant de ein fan augustus hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)