Mear drugskontrôle op Weaze

04 maaie 2010 - 10:31

De plysje sil de kommende tiid strenger op drugs kontrolearje op de Weaze yn Ljouwert. De ôfrûne twa wiken waarden mei-elkoar tsien manlju oanhâlden fanwege hannel yn harddrugs.

Omwenners en ûndernimmers hiene klage oer oerlêst troch de hannelers. De gemeente hat mei alle oanbelangjende partijen praat om de oerlêst werom te bringen. Ofpraat is om foaral te besykjen de dealers oan te pakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)