Mear drugskontrôle NE-Fryslân

12 maaie 2004 - 00:00

De plysje sil yn Noardeast-Fryslân faker de kroech yn om te kontrolearjen oft besikers drugs brûke of yn drugs hannelje. Dat is ien fan de ôfspraken dy't sân gemeenten út de regio mienskiplik makke ha mei de plysje en it Iepenbier Ministearje.

De gemeenten tinke sa mear resultaten te boeken by de drugsoanpak. It giet om Dongeradiel, Dantumadiel, Achtkarspelen, Kollumerlân, It Amelân, Skiermûntseach en Tytsjerksteradiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)