Mear drokte iepenbier ferfier

25 apr 2008 - 16:32
  • Mear reizgers yn bus en trein

It oantal reizgers yn it iepenbier ferfier fan Fryslân is it ôfrûne jier mei tsien prosint omheech gien. Makken der yn 2006 sa'n tweintich miljoen minsken gebrûk fan de bus of de trein, yn 2007 binne dat der twa miljoen mear, 22 miljoen dus.

Foaral yn Noard- en Súdwest-Fryslân meitsje de minsken folle mear gebrûk fan it iepenbier ferfier. Yn it lêste fearnsjier fan 2007 binne ek de klachten oer it ferfier minder wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)