Mear drokte by bisteopfangs

24 jun 2009 - 21:34
  • By 't Heerveld wurde katten opfongen.

Swalkbisteopfangs yn Fryslân krije it hieltyd drokker. De opfang yn Lúnbert, 't Heerveld, wreidet mei dêrom út. It âlde gebou foldocht net mear oan de easken en troch de tanimmende drokte is it ek te lyts.

De takomst fan de opfang wie lange tiid ûnwis. De gemeente Hearrenfean twifele oft it swalkbisten noch wol yn eigen gemeente opfange woe. Om't Hearrenfean de opfang dochs yn eigen gemeente hâldt, kin 't Heerveld ynfestearje yn in útwreiding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)