Mear dioksine yn aaien fan hobbypiken

13 nov 2014 - 12:19

Yn aaien fan hobbypiken sit mear dioksine as yn aaien dy't yn winkels ferkocht wurde. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de Universiteit fan Wageningen en de GGD's. Oanlieding foar it ûndersyk wiene de mjittings by pikehâlders út Harns. Dêr waarden hege wearden dioksine yn de aaien oantroffen.

Oan it lanlik ûndersyk diene 62 pikehâlders mei. Neffens de ûndersikers binne der gjin regionale ferskillen oantroffen. It iten fan aaien mei in heech dioksinegehalte kin allinnich gefaarlik wêze as minsken dat lange tiid achter elkoar dogge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)