Mear digitenne ferkocht

05 maaie 2007 - 10:21

It moaie waar fan de lêste wiken soarget foar goeie ferkeapsifers fan digitenne-ûntfangers fan KPN yn Fryslân. Dat seit in wurdfierder fan it bedriuw. Mei digitenne kin sûnder kabel dochs de kommersje televyzjestjoerders ûntfongen wurde yn de karavan of op de boat.

KPN besiket klanten fan de kabelbedriuwen ôf te pakken mei legere prizen. Hoefolle klanten no oerstapt binne wol it bedriuw net sizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)