Mear dielnimmers Snitswike

24 jul 2007 - 17:17
  • De Snitswikecamping leit der no noch leech en wiet by
  • De iepening fan 'e Snitswike, ferline jier

Foar it earst yn fjouwer jier tiid groeit it tal dielnimmers oan 'e Snitswike. Der binne no achthûndert opjeftes, 120 mear as ferline jier. De lêste jierren naam it tal ôf fanwege konkurrinsje fan oare sylwedstriden. Yn 2003 wiene der noch 1700.

Der binne ek minder reservearrings foar de Snitswikecamping: oant no ta fjouwer kear sa'n bytsje as ferline jier. De Snitswike duorret seis dagen en begjint oer goed in wike.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)