Mear dielnimmers oan skriuwwedstriid Rely Jorritsmapriis

14 jul 2015 - 10:23

Der binne dit kear folle mear ferhalen en fersen ynstjoerd foar de Rely Jorritsmapriis. It giet om 28 ferhalen en 54 fersen. De Rely Jorritsmapriis wurdt dit jier foar de 60e kear útrikt. De priis waard yn it libben roppen troch de skriuwer Rely Jorritsma.

Hy regele yn syn testamint dat der in fûns oprjochte wurde moast om syn neilittenskip te behearen. De opbringst fan dat fûns moast brûkt wurde as priis foar skriuwers. Ferline jier waarden der 13 ferhalen en 14 fersen ynstjoerd. Yn oktober wurdt bekend wa't de prizen winne.

It tal ynskriuwings foar de Rely Jorritsmapriis foar jongeren leit krekt wat leger as ferline jier. Doe waarden der 90 ferhalen en fersen ynstjoerd, dit jier binne dat der 74.

It Rely Jorritsmafûns wurdt beheard troch de gemeente Littenseradiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)