Mear by de stêd wenje

26 apr 2007 - 17:14

Friezen moatte yn 'e takomst mear yn en by de stêd wenje. Nije wenten moatte noch mear as no benammen yn de omkriten fan Ljouwert en in part fan de A7-regio boud wurde. Dat sizze de Fryske wenningboukorporaasjes, ferienige yn Aedes.

Ek al krimpt de befolking nei it jier 2020, foar dy tiid moatte der noch wol tusken de 8 en 13 prosint mear wenten bykomme. Aedes wol dat de provinsjes mei in plan komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)