'Mear dakleazen yn Ljouwert'

06 des 2009 - 14:41
  • Direkteur Van Anken fan Zienn

Opfangorganaasje Zienn yn Ljouwert is benaud dat troch de ekonomyske krisis it tal dakleazen yn Ljouwert tanimme sil. Dat seit direkteur Kees van Anken fan Zienn. Hy basearret him dêrby op it groeiende tal minsken dat in berop dwaan moat op de skuldhelpferliening fan de Gemeenschappelijke Krediet Bank.

De ôfrûne jierren naam it tal dakleazen krekt ôf. Van Anken is somber oer de opfangmooglikheden. Krekt dêrop wurdt op it stuit besunige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)