Mear dakleazen yn Fryslân

03 nov 2015 - 12:36
  • Hieltyd mear dakleazen yn Fryslân

Der binne hieltyd mear dakleazen yn Fryslân. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Daklozenmonitor. Krisis- en opfangsintra Zienn yn Ljouwert sjocht ek in groei yn Fryslân fan it oantal minsken dat gjin dak mear boppe de holle hat. De ôfrûne acht jier is it oantal hast alle jierren heger wurden. Sa wiene der yn 2014 sa'n 901 dakleazen yn Fryslân, wylst dat yn 2007 noch 744 wiene.

Der binne ferskillende dakleazen, guon stean ynskreaun by in maatskiplike opfang en sliepe dêr sa no en dan, oaren sliepe altyd bûtendoar.

De minsken dy't ynskreaun binne by in maatskiplike opfang, wikselje noch wol gauris fan opfanglokaasje, sawol yn Fryslân as yn Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)