Mear cyberpesten yn Fryslân

06 nov 2012 - 11:51

It saneamde cyberpesten, sis mar it pesten fia social media as WhatsApp, Twitter en Facebook, nimt ek yn Fryslân hieltyd mear in flecht. Dat is de ûnderfining fan Fier Fryslân. It wurdt dan ek hieltyd mear in spearpunt yn de foarjochtings dy 't de helpferlieningsorganisaasje op skoallen jout. It cyberpesten is no bot yn it nijs fanwege it ferstjerren fan Tim Ribberink. Hy die himsels tekoart fanwege pesterijen foaral fia it ynternet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)