Mear bûtenlânske starters

21 mrt 2006 - 17:54

It tal minsken fan bûtenlânske komôf dat in eigen bedriuw begjint, is de lêste jierren bot tanommen. Dat docht bliken út sifers fan de Keamer van Keaphandel yn Ljouwert.

Fan de 2900 minsken dy't yn 2005 in eigen bedriuw begûnen, wiene der 240 fan bûtenlânske komôf. Dat is 50 % mear as twa jier dêrfoar, doe't der 160 bûtenlânske starters teld waarden. Hiel lang hâlde dizze ûndernimmers it net fol, seit KvK-direkteur Jansen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)