Mear brommerkandidaten CBR

03 sep 2009 - 13:25
  • Al hast 2000 oanfragen dit jier

It CBR hat dit jier folle mear kandidaten foar it teoryeksamen foar brommerriders as ferline jier. Fryslân rint dêrmei foarop yn it lân. Der binne no al hast 2000 ekstra eksamenoanfragen. Dat komt foar in part troch de populariteit fan it skooterriden. Mar it komt ek omdat brommerriders meikoarten ek praktykeksamen dwaan moatte.

En dat sjocht net elkenien sitten, omdat der in aardich priiskaartsje oan fêst sit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)