Mear briedende iisfûgels troch mylde winters

25 apr 2015 - 11:43
  • IIsfûgel

It giet goed mei de iisfûgel. Yn hiel Nederlân is benammen troch it útbliuwen fan strange winters de populaasje de lêste jierren fan sawat fyftich briedpearen groeid nei mear as tûzen. Yn Fryslân bin op guon plakken wetterkanten skerp ôfstutsen, sadat se foar de iisfûgel geskikt binne om in nêst yn de meitsjen.

De iisfûgels is bygelyks sjoen by Drachten. Tusken it Drachtster yndustryterrein De Haven en it boerelân rint in feart mei oan beide kanten in rûge begroeiïng en dêr is de iisfûgel sjoen.

Foar it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân gie mei Gerrit Tuinstra fan Lânskipsbeear Fryslân op syk nei de iisfûgel. It ferslach dêrfan is snein te hearren om goed 11 oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)