Mear brânmeldingen, minder skea

08 jun 2001 - 00:00

De brânwacht yn Snits hat yn 2000 mear brânmeldingen krigen as it jier dêrfoar. Foarich jier is 247 kear alarm slein.

Der wienen gjin grutte brannen, wol wie der in middelgrutte brân yn in bedriuw dat metaal ferwurket. Mei elkoar wie de skea fan de brannen goed ien miljoen gûne. Dat is minder as it trochsneed fan 2,3 miljoen fan de lêste tsien jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)