Mear boetes, minder taakstraf

02 jan 2003 - 00:00

Tachtich jongeren ha dit jier in alternative straf fia Buro Halt krigen. Dat is minder as it jier derfoar. Dat komt om't der mear boetes útskreaun binne yn plak fan in taakstraf. Jongeren dy't te betiid of yllegaal fjoerwurk ôfstekke moatte as straf de strjitten skjinfeie.

Yn Ljouwert binne wol mear jongeren op dizze wize oan it wurk set. Ek meldt de gemeente dat der dit jier mear klachten oer fjoerwurk wienen as it foarich jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)