Mear boekings hotels en kempings

26 mrt 2015 - 13:09

Hotels en kempings yn Fryslân krije wer hieltyd mear boekings, mar soarch oer de takomst bliuwt. Dat seit regiomanager Petra Ellens fan brânzje-organisaasje RECRON yn reaksje op de nijste sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. De wichtichste reden foar de soargen is de mooglike belestingferheging foar de toeristyske sektor. De Twadde Keamer ûndersiket oft it btw-taryf foar dizze ûndernimmers fan 6 nei 21 prosint kin. De RECRON is benaud dat toeristen aanst fanwege de hegere kosten útwike nei Dútslân of België.

Dêr jildt in leger belestingtaryf. Fryslân krijt benammen besikers út Dútslân, België en Ingelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)